logo songteksten.net

De Kast - In Nije Dei

De nacht is foarby, de sinne is frij, om heech te gean
Aanst wurdt it dei, de moarn is te nij, om stil te stean
It libben wie wrang, it wachtsjen te lang.
Mar 't nimt in kear
Wês mar net bang, nea wer bang, it hoecht net mear

Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rinne, sûnder sin
Jou my dyn hân, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn hân, hjir is myn hert
'k Jou myn bestean oan dy
Lang wie it kâld en tsjuster, aanst komt de dei
Fynt it ljocht syn wei, yn in nije dei
'k Kaam net út e rie, it paad dat ik gie, it wie sûnder ein
De tiid dy't der wie, 't hert dat ik hie, it wie fersein
'k Ha my oan dy jûn, mysels yn dy fûn,
'k begjin op 'e nij
Leafde hat wûn, twa minsken bûn, mar fûgelfrij

Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rinne, sûnder sin
Jou my dyn hân, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn hân, hjir is myn hert'
k Jou myn bestean oan dy
Lang wie it kâld en tsjuster, aanst komt de dei
Fynt it ljocht syn wei, yn in nije dei
Lang wie it kâld en tsjuster, aanst komt de dei
Fynt it ljocht syn wei, yn in nije dei

FEMU logo Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.

De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.