logo songteksten.net

Gurbe Douwstra - Hert Fan Fryslân

Dêr yn it tsjuster, dêr yn 'e nacht
Hearsto it lûd fan dyn hert dat slacht
Dêr by de marren, dêr yn 'e stêd
Fan immen dy't dreamt fan syn grutste ferlet

Myn jeugd en de minsken, sy binn' der net mear
Wat bliuwt is de leafde, it lok en it sear
Unwennich nei eartiids, nei moarn en nei hjoed
De tiid fan myn libben, dy tiid wie sa goed

It hert fan Fryslân, it hert fan myn thúslân
Sa fier en ferlitten, mar dochs altyd tichtby
Wêr't ik ek doarmje, oer fiere kimen
Dat hert fan Fryslân sil altyd slaan djip yn my
Grut is de langstme nei wat ik ferliet
Wêr't ik ek doarmje, hoe stil ek 't fertriet
Wurden fan bliidskip, mar dan wurdt it stil
Omdat myn hert dochs dêr thús wêze sil

It hert fan Fryslân, it hert fan myn thúslân
Sa fier en ferlitten, mar dochs altyd tichtby
Wêr't ik ek doarmje, oer fiere kimen
Dat hert fan Fryslân sil altyd slaan djip yn my

It hert fan Fryslân, it hert fan myn thúslân
Sa fier en ferlitten, mar dochs altyd tichtby
Wêr't ik ek doarmje, oer fiere kimen
Dat hert fan Fryslân sil altyd slaan djip yn my

Dat hert fan Fryslân sil altyd slaan djip yn my

FEMU logo Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.

De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.