logo songteksten.net

De Kast - Moarn Sil De Sinne Skine

Moarn sil de sinne skine/ Morgen zal de zon schijnen

de ljochten yn de spegel ferdwine efter my
de stêden kleurje read ik ryd der oan foarby
allinnich yn de polder tusken hjoed en moarn
troch de smoutte fan de nacht wêr `t it lûd is ferstoan

moarn sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij
de moanne skynt oer it wetter en de diken jouwe ljocht
myn ferlangst haw ik folge mar ik fûn net wat ik socht
ik wie dagen yn de frjemte noch nea wie ik safier
yn in stêd sûnder leafde wêr `t de kjeld fielber wie

moarn sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij

safaak haw ik dizze wei al riden en wie it tsjuster yn myn hert
wie it isskâld om my hinne en wie ik warch leech en let

moarn sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij
sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij opnij

FEMU logo Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.

De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.