De Kast - Wa't Ik Bin
Koest do net sjen, koest do net oan myn eagen sjen
Dat ik gjin fjoer mear yn my hie
Wêr wie de stim, wêr wie de stim dy't tsjin my sei
Dat ik myn dream ferjitten wie
En de dagen gien foarby en ik libbe mei de dei
Want ik hoechde net te witten fan de moarn
Sa ticht by dy, myn hiele libben wie'k by dy
Dochs wie dyn tinken fier fan my
'k Ha alles jûn, ik ha my oan it lot ferbûn
Wy gienen elts ús eigen wei
Mar by alles wat ik die, wat ik yn myn hannen hie
Feroare blinkend goud yn inkeld sân De dreamen dy't ik dreamde binne mei de tiid ferflein
Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn'e rein
Ik iepenje de finsters en ik fljoch sa fier ik kin
Want ik kin no einlik wêze wa't ik bin
Mar de jierren rekken wei, en de tiid dy naam ús mei
En wy hoechden net te wachtsjen op de moarn
De dreamen dy't ik dreamde binne mei de tiid ferflein

Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.
De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.