logo songteksten.net

De Kast - Hert fan myn gefoel

De kontoeren yn it lân bin feroare troch de tiid
It is dizich oer it fjild en ik wit my sels gjin ried
Yn it doalhôf fan emoasjes giet de tiid oan my foarby
Ik rin oer d 'âlde paeden wêr't ik eartiids rûn mei dy

De hynders yn it fjild, de moune op 'e dyk
Se binne der net mear, it is net mear gelyk
Ik sjoch wer âlde bylden, maar noosto der net mear bist
Is der in grutte leechte, ik fiel in grut gemis

It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin

Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjite
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei
De wurden út dyn brief stean yn myn holle skreaun
Ik doarmje troch de jierren, neat haw ik ferdreaun
't Is as de wyn my wjukken jout, my oan dy tinken docht
Dan sjoch ik nei de loft, tusken de wolken wurd it ljocht

It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin

Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjite
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei

Soe ik myn fertriet nei de himel roppe wolle
Om dy werom te krijen is nea my te folle

Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjite
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei

FEMU logo Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.

De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.