logo songteksten.net

De Kast - Wit

Wachtest oant de moarntiid komt
Dyn tekkens klam en kâld
Wachtest oant de dei wer komt
Dyn lichem stram en âld

Slûm'rjend tusken nacht en dei
Dyn holle dy 't sa mealt
Lit it los en wurd mar frij
En jou dy no mar del

Wit dat ik by dy bin
Wit dat ik neist dy rin
Wit datsto net allinne bist
We hawwe moaie tiden hawn
Tegearre of mei in oar
We hawwe faaks ús striid wol hawn
Alinne of mei elkoar

Mar alles wat we sizze woenen
Dat hawwe wy wol sein
Neat dat wy ferswije koenen
Ferswige oant de ein

Wit dat ik by dy bin
Wit dat ik neist dy rin
Wit datsto net allinne bist
Wit dat ik by dy bin
Wit fan in nij begjin
Wit datst dyn eagen slute kinst

Wit dat ik by dy bin
Wit dat ik neist dy rin
Wit datsto net allinne bist
Wit dat ik by dy bin
Wit fan in nij begjin
Wit datst dyn eagen slute kinst

FEMU logo Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.

De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.