logo songteksten.net

De Kast - Ik ha dy leaf

Ik wit net asto sitst te wachtsjen op in freonlik wurd fan my
As ik dy oprop yn myn gedachten dan wurd ik sa bliid fan dy
Ik fiel it as ik dy foarby rin, as ik sjoch, dyn stim wer hear
Ik sit yn hûndert-tûzen flinters dy`t swiet sweve troch myn lea

Ik ha dy leaf, myn hiele libben, ‘t is folle mear as hâlden fan
‘t Is krekt of asto yn myn bloed sitst en kin der neat tsjin dwaan
Dyn moaie eagen lykje marren, ik kin der sa yn ûndergean
It is in bjusterbaarlik barren, ik krij it ek fan Hearrefean

‘k Ha dy leaf, ‘k ha dy leaf, ‘k ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy
‘t Bin mar fjouwer lytste wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
‘k Ha dy leaf, wol alve stêden lang

Ik fiel it moarns asto wer opstiest, ik sjoch it yn in simmerske bui
Ik wurd al weak asto ris fuortgiest yn myn allermoaiste trui
It is myn hân dy`st samar fêstpakst as wy kuierje lâns de feart
It komt ek, en dat is no it frjemde, troch soms hast hielendal neat
‘k Ha dy leaf, ‘k ha dy leaf, ‘k ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy
‘t Bin mar fjouwer lytste wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
‘k Ha dy leaf, fjirtjin blommenkorso’s lang

Ik priuw is as ik dy in tút jou of asto lakest út alle macht
Ik sjoch it as der wer in stjer falt, nei it frijen yn de nacht
It is dy tinteling, dat bryske en dêrom bisto bist my
As ik dy rinnen sjoch dan tink ik, God, dêr giet in ingeltsje foarby

‘k Ha dy leaf, ‘k ha dy leaf, ‘k ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy
‘t Bin mar fjouwer lytste wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
‘k Ha dy leaf, tweintich skûtsjes lang

Ik sjoch twa âlde minsken, hân yn hân by de PC
‘t Is ien fan myn grutste winsken, ‘k ha dy leaf ek nei de AOW

‘k Ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy
‘t Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
‘k Ha dy leaf, hûnderttsien keatsfjilden lang
‘k Ha dy leaf , ‘k ha dy leaf, myn hiele libben lang

FEMU logo Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.

De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.