De Kast - De Hel Foarby
In wiidferlitten frjemdte
In grauwe grize gloed
It fêste fûle bûnzjen fan myn bloed
It lûd fan iis en izer
Fan wyn en waar en kjeld
Fan ritmes yn in rauwe rûge hel
Ferbline troch de fiere wite djipte
Ferwûne troch in wrede wite wrâld
De krêft dy 't 'k yn my fielde, wie in krêft dy 't kaam fan dy
As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my
Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei
Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby Fertiez' yn en twang en twifel
Ferdwaz' yn pine en striid
It trage twingend tellen fan de tiid
Doe 't alles yn my raasde
Om net mear troch te gean
Doe seach ik oan de eachein dy dêr stean
De hel dy gie 'k foarby mar net allinne
It krús dat draach ik op myn hert foar dy
De krêft dy't 'k yn my fielde, wie in krêft dy 't kaam fan dy

Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby
Ooh, de hel foarby
Yn `t tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei
Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby
Dy krêft dy kaam fan dy

Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.
De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.