logo songteksten.net

De Kast - Nim My Mei

Ik flean troch dei en nacht
Ik rin mysels soms hast foarby
It hat my yn de macht
En myn gedachten bin net frij

De wizers stean net stil
At ik no stean of liz
Mar wat makket it foar ferskil?
As ik der wat of neat fan siz

It libben draait wol troch ek sûnder my
De wyn dy waait wol troch, nimt blêden mei
Nim my mei

De stjerren sizze my
Hoe lyts ik bin
It moanljocht spegelt dy
De nacht dy lit my sjen

De wizers stean net stil
Fan ien ding bin ik wis
Do makkest it ferskil
Sels as ik somtiden siz:

It libben draait wol troch ek sûnder my
De wyn dy waait wol troch, nimt blêden mei
Nim my mei
Twifels yn mysels
Twiftels yn myn hert
Wat kin ik dwaan?

It is sa 't it is
Mar miskien at ik kin sa 't it kin
Nim my mei
Nim my mei

It libben draait wol troch ek sûnder my
De wyn dy waait wol troch, nimt blêden mei

It libben draait wol troch ek sûnder my
De wyn dy waait wol troch, nimt blêden mei

Nim my mei
Nim my mei
Nim my mei
Nim my mei

De wyn dy waait wol troch
De wyn dy waait wol troch en troch

FEMU logo Songteksten.net heeft toestemming van Stichting FEMU om deze songtekst te tonen.

De songteksten mogen niet anders dan voor privedoeleinden gebruikt worden, iedere andere verspreiding van de songteksten is niet toegestaan.